Ut de Troffel 9

Nijs fan Jankfoddekoar `Tûzen Triennen´

Yn septimber bin we wer los gien en dat moast ek wol want der stean wer hiel wat optredens op de aginda. Jimme kinne sjen wer wy sjonge moatte op ús ynternetside, ek stean der wol gauris nije foto´s. Sjoch sels mar ris.

Sneon 23 septimber wie ha we yn Garyp songen, in ferrassingsoptreden foar manlju fan it shantykoar fan Garyp mar foaral ek foar harren froulju. Regele troch de foarsitter fan dat koar.
De mannen hienen in iepenbiere repetysje op it doarpsplein, doe´t der fan ferskillende kanten froulju mei swarte moffen en fjêren boä´s it plein op stapten.  Wy ha der in hartstikke leuk optreden han, it plein siet moai fol en it wie prachtich waar.

Nei ús blokje sjongen moasten wy noch efkes bliuwe, de mannen hiene rikke fiskjes, jimme witte wol fan dy dingen wer´t de kop noch oan sit. Lokkich ha ik ús mem altiid mei, koe dy de kop der  foar my ôfhelje. Ik ha efkes de oare kant út sjoen en doe´t de fisk wer op in `gewoan´ fiskje like, wie it genietsjen!

Ek woene se ús graach in drankje oanbiede en dat moat je mar dwaan....!
It duorre net lang of de akkordeon waard der by helle om mei-inoar noch efkes nei te sjongen. Gesellich fansels!

En dan noch efkes hiel wat oars.......miskien binne der minsken abonnearre  op de Friesland Post. Hâld dan it novimber as desimber nummer yn de gaten. Der komt namentlik in stik yn oer ús koar mei ynterviews en foto´s!

YBN

Klik hjir foar foto's fan Garyp