Ut de Troffel - september 2005

Nijs fan Jankfoddekoar ‘Tûzen Triennen’

Nei in feestlike ôfsluting fan ús seizoen yn july en in simmerfakânsje efter ús, kinne wy jo meidiele dat it koar wer drok yn aksje is. Sa ha we alwer twa optredens efter de rêch. De earste wie yn Mantgum, by de boekepresintaasje fan Wieke de Haan. De teksten fan ús sluten moai oan by de ferhalen yn har boekje: optriuwe en ôfbliuwe. (In hiel aardich boekje trouwens, dat ik jo seker oanriede kin.

Ek de mannen kinne der hiel wat fan opstekke oer ús froulju en der dan wer harren foardiel mei dwaan!) In pear dagen letter stutsen wy wer yn it swart ôf om yn Easterlittens ús gal te spuien, net dat de minsken der problemen mei hiene want de stimming siet der nei ien ferske al yn! No is it earst wer efkes gebeurt mei de optredens want we moatte repeteare foar de CD. Noch in pear wiken en dan sil der opnommen wurde. Yn desimber sille we de CD feestlik presinteare, mar tsjin dy tiid jou wy noch wol efkes lûd.

 YBN