Ut de Stienser Omropper - juni 2005

Ald-boargemaster Ljouwerteradiel ferrast Jankfoddekoar `Tûzen Triennen´ mei spontaan besyk tidens harren optreden op it doarpsfeest. Britsum, 26 maaie 2005.

Grut wie de teloarstelling fan ús `âld-boargemaster mefrou Vroegindewey´, doe´t se te hearren krige dat de CD presintaasje, tidens it konsert fan it troch har sa weardearre Jankfoddekoar `Tûzen Triennen´ út Britsum, net trochgie. Wol hat se krekt as sa´n hûndert oare oanwêzigen alfest in eksimplaar fan it fel begearde skyfke reserveare. Moaie bykomstichheid is dat dizze minsken in euro koarting krije!! It wie al hiel gjin fergees loopke foar Willemien, want it wie in machtich moaie feestjûn, wer´t de dik twahûndert oanwêzigen oer mei prate kinne. Wolle jo ek in CD reserveare dan kin dat. Der binne noch in beperkt oantal doaskes oer, dy´t it koar foar jo reserveare wol mei koarting. Hoe dat kin lêze jo hjirûnder:

 

Keapje foar 1 euro in leech CD doaske mei de namme

`oan ús noas sil der net foarby gean´

Jankfoddekoar `Tûzen Triennen´ hâld dan eksimplaar foar jo efter, nei de presintaasje fan harren earste  CD op 11 desimber 2005. Eltsenien  dy´t in doaske kocht hat kin dit dan of oant juny 2006 mei in bybetelling fan 8 euro omruilje foar de echte CD

Minsken dy´t gjin doaske ha, betelje 10 euro