Nijs fan Jankfoddekoar Tûzen Triennen - desimber 2004

Novimber j.l. wie it sa fier, de jankfodden sille foar it earst meidwaan oan in wedstriid. We moatte al hiel nei Zuidlaren en foar de gelegenheid hat it bestjoer in bus regele. Wol sa gesellich en we kin dan ek noch efkes wat dingen trochnimme. Flak foar ús optreden krigen wy allegearre in appeltsje út de tún fan Tromp, dat witte jimme miskien net mar in appeltsje is goed foar de stimbannen, ús dirigint hat dat sels sein. No dan ite wy in appeltsje, it is gjin straf op it lest. Op sa’n wedstriid wolle jo goed foar it ljocht komme, it is dan ek belangryk dat je netsjes opkomme. Spitigernôch is dat net ús sterkste punt, in hiel geëamel giet der altiid oan foarôf. It skynt lestich te wêzen, mar wa wit soe it foar dizze ien kear goed gean.........net dus. De middelste rij bliuw stekken op it lyst nau trepke en doe koe de efterste rij dy’t earst op moast (as wie it no de foarste rij) net sa hurd der bylâns
PANYK......en in stik gekeakel efter de gerdinen. Mar fierder gong it best, we krigen in goed rapport mar gien net troch. De werom reis yn de bus waard it al gau gesellich, in pear froulju hiene in fleske wyn mei nommen. Mar wat binne no 3 fleskes wyn op in dikke 30 froulju.......Sytse de sjauffeur moast mar efkes oanstekke, dan koene wy de foarried oanfolle. Sa belânen wy yn Drachten fla k by de Lawei, dat kaam moai út, koene we der efkes gebrûk meitsje fan it toilet. De ferlieding wie grut om mei it hiele koar kompleet mei boäs binnen te stappen en te sizzen dat wy optrede moasten. In pear ferstandige leden ha hjir in stokje foar stutsen. It leste eintsje yn de bus wie o sa gesellich, Sytse siet ek al mei in boä om efter it stjoer. Noch efkes neiprate en sjonge (net te lûd, want der koene de fûgeltsjes fan de tentoanstelling net oer) yn Britsenburgh. It ferslach derfan skynt ek yn dizze Troffel te stean. 
In wike letter moasten we optrede yn Minnertsgea, mei Gurbe Douwstra en it pleatselike shantykoar.
Ik wie der net by en kin dus neat skriuwe oer de Britsumer biljertmannen dy’t fanút Ingelum mei de taksy fol fleisprizen en keu’s ,as fans oan kamen doe’t it optreden al ôfrûn wie. Ek neat oer de heale liters dy’t de froulju fuort wurke ha. Ik sil ek neat sizze oer de sjauffeur dy’t 11 minsken bergje koe yn har auto en ek gjin wurd oer de strakke kûten fan Tom (as wiene it de earms fan Christien?) Ik wol it alhielendal net ha oer it speklapke ûnder de stoel fan de taksysjauffeur om oer it fleis fan Ronald noch mar te sweien. Ik kin der ek neat oer sizze want ik wie der ommers net by.
Wêr’t ik wol by wie, wie in top optreden op de Foarikker. Op in moandeitemoarn om healwei njoggenen stiene wei der foar in entûsjast publyk, it doarre net lang as de skoalle stie op syn kop.
YBN