Hoe 't begûn mei
Jankfoddekoar Tûzen Triennen
Hoe´t begûn
It is nijjiersdei 1997 as der tidens de jierlikse nijjiersresepsje yn
it Britsumer doarpshûs in pear froulju út Britsum rûn rinne
mei in stik papier en in pinne, op´e strún nei oare froulju .
`Soene jimme der foar fiele´, fregen de froulju, `om yn in koar te sjongen,
net in gewoan koar mar in jankfoddekoar´. Gewoan gesellich sjonge mei
froulju ûnder elkoar. Elts mei der by, as jo mar net in man binne´. 
In wat ûngewoane fraach op in trochsnee nijjiersresepsje, mar elts is
yn de feeststimming en de froulju bringe it sa entûsjast dat oan it ein
fan de jûn der aardich wat nammen op it ferfrommele stikje papier stean.
In pear oeren letter tinkt al net ien mear oan it koar.........
Mar yn febrewaris krijt elk dy´t op it briefke stiet in telefoantsje,
nije wike repetearje mei it nije koar. `Ja hallo, sa serieus wie it dochs net?!
Sjonge? Ik kin net iens sjonge......´.
Mar it is ek wat bernich om earst jo namme op te jaan en dan der foarwei te
rinnen, earst mar ris sjen......
De berte
Sa wie der op 14 febrewaris 1997 de earste repetysje jûn fan it jankfoddekoar
yn Britsum, o.l.f. dirigint Marjan van der Zwaag (ien fan de inisjatyfnimsters).
Sy spile op it keyboard en soarge yn earste ynstânsje ek foar wat aardige
ferskes, mar al gau gienen der stimmen op dat we eigen ferskes ha moasten,
yn elts gefal eigen teksten. Ek wie in mearderheid der foar om dit yn it Frysk
te dwaan. In muzykkommisje waard yn it libben roppen en der moast in bestjoer
komme. In nij koar wie berne, alle 14 dagen repetearren we mei in soad wille. 
Nei in skoft ha we de stoute skuon oan lutsen en stienen we te sjongen op
it `straatfestival´ yn Ljouwert. En dat ha we witten......
`Wolle jimme ek ris foar ús sjonge, wer komme jimme wei, wat kostet in
optreden fan jimme, ha jimme ek in folder?´.
Oanfragen optredens
It sloech oan, minsken woene ús boeke! Ynfokaartsjes moasten der komme
en folders. Noch efkes letter kaam der selsmakke briefpapier, in grut rôze
ynfo-boerd, swarte klean mei fel kleurde boäs, it bestjoer krige
it der drok mei! Ek kaam Hilly Blaak doe by it koar om ús op de akkordeon
te begelieden. In oanwinst. Bykommend foardiel wie, dat in akkordeon net oan´e
stroom hoecht, sa wie bûten optrede in stik makkeliker.
Tûzen Triennen
In echte namme hienen wy de earste jierren noch net, `it Jankfoddekoar´ waard
it dan mar neamt. Yn Britsum en omjouwing al gau koartwei `De Fodden´.
Dat moast oars, mar it duorre efkes oant de perfekte namme foel. It wie Doutsen
Langhout (ek ien fan de inisjatyf-nimsters)dy´t mei `Tûzen Triennen´ kaam.
Dat wie it!!
De begelieding
Doe´t ús dirigint troch in ferhuzing ophold, wie dat spitich,
mar der wie gjin sprake fan dat dermei in ein komme soe oan it bestean fan
it koar. It foel net ta om in dirigint te finen dy´t by dit unike koar
paste, mar dochs ha wy der wer ien fûn. In man dit kear, Wytse Hospes
seach it sitten en hat ús yn twa jier tiid nei in heger nivo brocht.
Ek Hilly bliek in prima ferfanger as de need oan de man (sorry, frou) wie.
Wytse joech it dirigint stokje troch oan Geertje Kingma yn 2002 en no is Geertje
alwer jierren ús entûsjaste dirigint en begelied sy ús
sawol op de piano as op de akkordeon.
Yn 2003 ha wy ôfskied nommen fan ús akkordeonist Hilly en kaam Joke
Burghout foar har yn it plak. It hat Joke hiel wat switdroppels koste om
al dy ferskes foar´t ferstân te krijen,
se spiele noch net sa lang op it ynstrumint. Mar op it stuit is der neat mear
fan te fernimmen!
Swart, kleur, fleur en fjêren
De froulju mei de boäs wurde in begryp yn Fryslân! Dy `outfit´ hâlde
wy der dan ek yn, al binne der yn jannewaris 2004 de lange swarte moffen en
de bleate skouders oan tafoege.
Dat we bekender wurde merke we oan it tal fan oanfragen foar optredens en de
belangstelling fan de media. We wurde frege foar it programma Spegels fan Omrop
Fryslân, mar dat koe troch omstannichheden net trochgean. Op 18 febrewaris
2004 stie der in moai stikje yn de Ljouwerter Krante mei in grutte foto.
Echt
Ús koar wurdt hieltyd profesjoneler en yn oktober 2004 komme der dan
ek statuten. In moanne letter dogge wy foar it earst mei oan in wedstriid
en krije wy in goed rapport mei!
Begjin 2005 is it tiid foar fernijing en lit it bestjoer in nij logo ûntwerpe,
de troch Bineke Wijbenga (ek ien fan de inisjatyfnimsters) sels knutsele jankjende
popkes ferdwine nei jierren fan trouwe tsjinst fan it briefpapier. Ek it boerd
wurdt fernijd en fersjoen fan triennen. Al mei al in hiele profesjonele útstrieling.
Sels de `tissue´ doaskes wurde fan it nije logo fersjoen, al gebeurt
dat troch Renate, âlderwetsk, mei ferve en in kwast.
CD `Bliksemse Manlju´
En dan, omdat der wol gau ris om frege waard, moast it der mar ris fan komme........
in echte CD opnimme. It hat wat fuotten yn de ierde han, 2005 hat eins foar
in grut part yn it teken stien fan dizze CD. De presintaasje soe holden wurde
yn maaie op it doarpsfeest, yn de tinte op de terp fan Britsum. Mar Geertje
rekke ferwûne by in taskes rôf yn Ljouwert en koe in skoft net
mear spylje. De opnamen waarden útsteld en yn de feesttinte koenen
wy net ús CD sjen litte. Wol ha wy in prachtich optreden fersoarge en
Geertje wie der dy jûn lokkich wer by. De CD wie dan wol net klear, mar
dochs binne der op dy jûn sa`n 150 fan ferkocht, op foarhân!
Yn oktober gie it dan oan en wie de moaie âlde tsjerke fan Britsum foar
twa dagen in opnamestudio. It helle de tillevyzje. Op 11 desimber waard it
skyfke feestlik presintearre mei in optreden yn it Tryater gebou. De namme
`Bliksemse Manlju´ is dan ek bekend. Omdat de belangstelling sa grut
wie, songen wy in goede wike letter noch ris yn Britsenburgh, it doarpshûs
fan Britsum wer´t wy ek repeteare. De CD Bliksemse Manlju is hast ta
oan in twadde print!
It nije jier 2006 wie noch mar krekt begûn, doe´t we frege waarden
foar it radioprogramma `de Middei´. In moaie kâns fansels. We waarden
ynterviewd en songen `live´ yn de studio. Oanfragen foar optredens streamden
binnen.
Ynternet
En dan no in eigen ynternetside....
......al mei al is der yn 9 jier tiid in koar groeit dat aardich oan de dyk
timmert. Dat giet net fansels, dat falt en stiet mei ûndernimmende bestjoersleden,
in aktive muzykkommisje, leden dy´t teksten skriuwe, in entûsjaste
dirigint en akkordeonist, publyk dat entûsjast reagearret, freonen en
ek ús mannen (tsja) dy´t meitinke en harren foar ús koar
ynsette.
In koar om grutsk op te wezen en dat bin wy dan ek,
Út namme fan it koar,
Yvonne Broekens-Nicolay.

|